Utsicht oer hiel Fryslân fan in hichte fan mear as hûndert meter, mei de Kulturele Haadstêd fan Europa oan dyn fuotten: de Abe Bonnema Experience 2018!

Bestel kaartsjes

OER

By de Abe Bonnema Experience kinst begjinnend by it heechste punt yn Noard-Nederlân oer in grut part fan Fryslân sjen. By moai waar sjochst de fearboaten nei It Amelân farren! It sintrum fan Ljouwert, Kulturele Haadstêd fan Europa yn 2018, leit letterlik oan dyn fuotten.

It unike aventoer spilet him ôf boppeyn de 114 meter hege Achmea-toer yn it hert fan de stêd. Trochdat it sa hurd giet, is allinnich al de reis mei de lift nei boppen in hiel aventoer. De Panoramaseal, op de 26e ferdjipping fan de toer, strielt ien en al romtlikens út. In topattraksje foar grutte en lytse besikers fan de stêd.

De útstalling Legacy of an architect iepenet dyn eagen foar stêdebou en arsjitektuer en biedt ynsicht yn it oeuvre fan de Fryske arsjitekt Abe Bonnema (1926-2001), ûntwerper fan de Achmea-toer. Bonnema hat in protte betsjutte foar Ljouwert. Hy fûn ek dat de Panoramaseal iepenbier tagonklik wêze moatte soe. It folsleine Kulturele Haadstêdjier is dat no alle sneonen sa!

Mei in keamerbrede loftfoto as ûndergrûn komst yn ‘e kunde mei ynspirearjende fiergesichten. Op de flier kinst ûntdekke wêr’t de gebouwen steane dy’tst troch de enoarme finsters sjochst. Ynteraktive skerms jouwe oanfoljende ynformaasje. Dêrnjonken hearst fan de oanwêzige rûnlieders boeiende ferhalen oer de stêd.

Ynfo

De Abe Bonnema Experience 2018 op de boppenste ferdjipping fan de Achmea-toer yn Ljouwert is alle sneonen yn 2018 fan 10.30 oant 15.00 oere iepen foar it publyk.

Dit evenemint is in gearwurkingsprojekt fan Achmea en de ir. Abe Bonnema Stifting yn it ramt fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018.

Kaartsjes binne online te krijen foar de folgjende tiidstippen:

1. 10.30 oere

2. 11.15 oere

3. 12.00 oere

4. 12.45 oere

5. 13.30 oere

6. 14.15 oere

 

Kosten 3 euro, bern o/m 14 jier 1,50 euro

Kaartsjes binne allinnich jildich foar it keazen tydstip en kinne net omruile of werombetelle wurde. Kom op ‘e tiid, want kinst allinnich ûnder begelieding fan ien fan ús gidsen mei de lift omheech!

De online kaartsjesferkeap fynt plak mei gearwurking fan Skouboarch De Harmonie.
Losse kaartsjes binne beheind te krijen by de VVV:

VVV Leeuwarden
Sophialaan 4
8911 AE Leeuwarden
058-2347550
info@vvvleeuwarden.nl

 

Bestel kaartsjes